In memoriam Joop

14 mei 2023

JOOP

Wat skriuwe jo no’t Joop van den Berg der net mear is? Hy wie gol, enthousiast, warber, riedslid fan Opsterlân en Utingeradiel, Steatelid en Keamerlid, lid fan it lanlik partijbestjoer fan de PvdA, gewestlik sekretaris, foarsitter fan de PvdA Hearrenfean en betûft organisator fan ferkiezingskampanjes. As soan fan in súvelarbeider seach er it belang fan de fakorganisaasje, as basis foar in linkse poliyk. Hy hie grut respekt foar syn mem dy’t nei it betide fersterren fan syn heit opkaam foar har bern en soarge foar it ynkommen troch ‘hûzen’ te hawwen. Hy hie ambysjes, siet fol enerzjy, woe syn ideeën ta jilding bringe.

De earste kear dat wy elkoar troffen wie yn augustus 1966, by de Vietnam-protestmars fan Ljouwet nei Drachten. Der rûnen in pear âldere minsken mei – it PSP-riedslid fan Ljouwert, Klynstra, en de Opsterlânske strider Gerrit Roorda. Mar it wie foaral de jongerein. De organisaasje lei in hannen fan in in ploechje jongkeardels dy’t neat op hie mei de Kâlde Oarloch-retoryk fan dy jierren. Joop wie de organisator. Hy wie doe lid fan de PSP.

De PSP bleau oan de de kant stean by de gearwurking fan PvdA, D’66 en de PPR. Ik bin dêrom yn 1974 lid wurden fan de PvdA, Joop die dat in jier letter. ‘Voor het eerst een mogelijkheid van een andere politiek. Om die te steunen was éénheid nodig. Eenheid van Partij en ter linkerzijde de vakbeweging’, sa skreau Joop letter yn in weromblik.

Wy troffen elkoar wer op de partijried fan de PvdA. Joop fanút Fryslân, ik fanút it Brabantse gewest. En doe’t wy yn 1981 nei Feanwâlden ferhûzen, stie Joop al op de stoepe foar’t de doazen útpakt wiene. Hy beluts my by De Reade Tried. It bled moast bydrage oan de kaderfoarming yn de PvdA. De redaksje kaam by elkoar op it Kadaster yn Ljouwert. Dêr wurken Joop en Hans Flaman. Mear as tritich jier siet Joop yn de redaksje.

Joop mocht graach fertelle oer de ruilferkaveling om it Alddjip. Moast it rivierke in rjochte sleat wurde? Hy fûn fan net. By de lânynrjochting binne meanders ôfsnien, mar it wêzen fan in kronkeljend wetter is oerein bleaun. As Keamerlid frege er omtinken foar de tsjerke op de terp fan Hegebeintum. Dy fersakke. Joop der achteroan. En dat is goedkaam. En yn direkte ûnderhanneling mei it CDA hat hy derfoar soarge dat it militêre oefenterrein yn de Lauwersmar ticht gong is.

Joop sette as sekretaris fan de PvdA unike ferkiezingskampanjes op. De ôfsluting fan de lanlike ferkiezingskampanje fan de PvdA yn 1986 fûn plak op it Oranjewâld. Tûzenen minsken dy’t harken nei Kok en Den Uyl. Joop hie de partij mobilisearre troch yn it foar ‘steunkaarten’ te ferkeapjen.

Joop hie each foar polityk talint, wiisde op Luts, mar earder ek op Anita Andriesen. En Anita hie each foar Joop syn organisaasjetalent. Se woe yn 2003 allinnich listlûker wurde as Joop de ferkiezingskampanje fan de Fryske PvdA op him naam. Dat die er. Wy hawwe nei har fersterren de Stifting Anita foar Fryslân oprjochte. Trefpunt fan it bestjoer: by Joop op it Hearrenfean. We bepraten wa’t de jierlikse Anita-lêzing hâlde moatte soe. Twa moannen lyn joech Joop oan dat er net mear yn te bestjoer sitte koe. Doe wist er it al wol. Tank Joop, foar dyn ynset.

Bertus Mulder